Frysk op MijnEvent: dyn besikers keapje har kaartsje yn har eigen taal

MijnEvent praat no ek Frysk. De hiele ferkeapkant — kaartsjesiden, e-mails, flatermeldingen — stiet der folslein yn. Net omdat it in soad opsmyt, mar omdat in taal dy't in heal miljoen minsken prate gjin fuotnoat wêze moat.

Foto: Ries Bosch / Unsplash

Ien fan de earste dingen dy't in Fries fernimt as er wat online keapet, is dat er it net yn syn eigen taal docht. Dat is sa gewoan wurden dat der amper immen noch oer klaget. Mar it is wol sa.

Sûnt dizze wike stiet Frysk as folweardige besikerstaal yn MijnEvent. Set in organisator him oan, dan komt de hiele ferkeapkant yn it Frysk: de kaartsjeside, it winkelweintsje, de ôfrekkening, de befêstigingsmail, it kaartsje sels en — miskien wol it wichtichst — de flatermeldingen dy't midden yn it bestellen opdûke.

Wêrom't wy dit dien hawwe

Litte wy earlik wêze: kommersjeel is Frysk gjin tûke kar. It leveret gjin besikersoantallen op dy't in businesscase drage. Wy hawwe it dochs dien, en dêr binne twa redenen foar.

De earste is dat Frysk gjin dialekt is. It is de twadde rykstaal fan Nederlân, mei in eigen wet en in eigen stavering. Mear as in heal miljoen minsken prate it. In taal mei dy status heart net as fuotnoat behannele te wurden yn in list mei flaggen dêr't heale oersettings efter sitte.

De twadde reden is dat wy sels út Drinte komme. Wy witte hoe't it fielt as in produkt út de Rânestêd útlein wurdt as "foar hiel Nederlân", wylst it dúdlik makke is foar in stêd dêr'tsto net wennest. In doarpsfeest yn Wommels, in korps yn Drachten, in keatspartij yn Frjentsjer — dat binne gjin nichemerken dy't wachtsje moatte oant se grut genôch binne. Dat binne gewoan eveneminten, mei in publyk dat rjocht hat op syn eigen taal.

Wat der no yn it Frysk stiet

Alles wat de besiker sjocht. Net in stikje, mar de hiele set:

  • de kaartsjeside en it winkelweintsje;
  • de ôfrekkening en de side dêr'tsto op werom komst nei it beteljen;
  • de befêstigingsmail en it kaartsje yn de bylage;
  • de flatermeldingen — "dit e-mailadres kloppet net", "dizze koartingskoade is ferrûn" — want dát binne krekt de teksten dy'tsto net yn in frjemde taal lêze wolst;
  • de faak stelde fragen dy'tsto sels ynfierst.

In taal kin by ús pas oansetten wurde as er folslein ynfolle is. Dêr stiet in test op dy't reagearret sadree't der ien tekst ûntbrekt. It Frysk is dus like kompleet as it Dútsk — gjin healwei ynfolle set dy't yn it Nederlânsk weromfalt sadree'tsto trochklikst.

Hoe't do it oansetst

Yn dyn behearomjouwing: Ynstellings → Talen. Dêr set do in finkje by de talen dy't dyn besikers prate. Dyn eigen taal — de taal dêr'tsto yn skriuwst — bliuwt dyn primêre taal.

De talen-kaart yn it behear: alve talen mei in finkje by Nederlânsk en Frysk, en dêrneist hoefolle besikers dy taal prate

Achter elke taal stiet hoefolle fan dyn besikers him de ôfrûne trije moannen as browsertaal hienen — geaggregearre, sûnder persoansgegevens. Stiet dêr in taal tusken dy'tsto noch net oanbiedst, dan krigest ien konkrete tip mei in knop om him fuortendaliks oan te setten.

Dyn eigen teksten hoechst net oer te setten. De namme fan dyn evenemint, de omskriuwing, de lokaasje, dyn kaartsjesoarten: dy wurde automatysk meinommen nei de oare talen. Wat dêr útkomt kinsto sels bysleupe, en wat do sels ynfolst wint foargoed.

Biedsto mar ien taal oan, dan feroaret der neat: gjin taalwikselder, gjin flaggen, gjin ekstra knoppen.

Hoe't it derút sjocht

Sa sjocht in besiker dyn eventside as er Frysk oanklikt. Net allinne de knoppen, mar ek de omskriuwing dy'tsto yn it Nederlânsk skreaun hast, en de kaartsjesoarten:

In eventside yn it Frysk: rjochtsboppe de taalwikselder mei de Fryske flagge en "Tickets kwyt? Logje yn", dêrûnder de omskriuwing yn it Frysk en de kaartsjesoarten Folwoeksen en Bern mei "beskikber"

De omskriuwing yn dat kader — "Demodata-evenemint foar it foljen fan it behear mei realistyske folumes" — is yn it Nederlânsk skreaun en automatysk oerset. De organisator hat dêr neat foar dwaan hoegd.

En de befêstiging dy't er dêrnei yn syn postfak fynt, giet mei — ûnderwerpsrigel en al:

In befêstigingsmail yn it Frysk: "Tank foar dyn bestelling! Yn de bylage fynst dyn tickets", mei ûnderoan de melding dat de tekst automatysk oerset is

Underoan dy mail stiet de rigel dy't wy oeral by sette: "Dizze tekst is automatysk oerset. By ferskillen jildt de Nederlânske tekst." Dêr komme wy hjirûnder op werom.

Wat wy der earlik by sizze

De teksten fan it platfoarm binne skreaun. Dyn eigen teksten wurde troch in oersetmasine dien. Dêrom stiet ûnder elke net-Nederlânske side en e-mail in koarte melding dat de tekst automatysk oerset is en dat de Nederlânske ferzje liedend is by ferskillen. Dat ferbergje wy net — in Fries hat mear oan in earlike masine-oersetting mei in melding derûnder as oan in Nederlânske side.

Twa dingen noch. It behearskerm bliuwt Nederlânsk en Ingelsk; de alve talen geane oer de kant dy't dyn besiker sjocht. En de datum- en priisnotaasje folget bewust it Nederlânsk, want dát is wat in Fries wend is — nimmen skriuwt syn datums oars om't er Frysk praat.

En no?

Set it oan as it by dyn publyk past, en lit it stean as it dat net docht. Der sit gjin taheffing op, gjin ekstra pakket omhinne en gjin priis de oersetting.

Wat ús oanbelanget is dit gjin feature mar in útgongspunt: in regio fertsjinnet it om yn syn eigen taal oansprutsen te wurden, ek as er lyts is.

Veelgestelde vragen

Veelgestelde vragen

Moat ik sels Frysk skriuwe kinne?

Nee. Do skriuwst dyn evenemint gewoan yn it Nederlânsk. Alles wat fan it platfoarm sels komt stiet al yn it Frysk klear, en dyn eigen teksten wurde automatysk oerset. Wolst in sin oars hawwe, dan pastû dy oersetting oan — en dan bliuwt dyn ferzje stean.

Sjogge myn Nederlânsktalige besikers no Frysk?

Nee. Elke besiker krijt de taal fan syn browser, mar allinne út de talen dy'tsto oanbiedst. Set do Nederlânsk en Frysk oan, dan sjocht in Nederlânsktalige besiker gewoan Nederlânsk en in Fryske besiker Frysk. Hy kin sels ek wikselje mei ien klik op in flagge.

Wat kostet Frysk?

Neat. Der sit gjin taheffing op talen en gjin priis de oersetting. It sit yn elk priismodel, ek yn Pay as you go.
Terug naar blog
MijnEvent

Minderjarigen en tickets: mag een 15-jarige zelf een kaartje kopen?

Een tiener koopt twee weekendkaarten, een ouder belt en wil het geld terug. Wat zegt de wet over minderjarigen als koper, welke gegevens mag je van ze vragen en hoe controleer je een leeftijdsgrens zonder ID-kopieën te verzamelen?

Bezoekers met een beperking: begeleiders, tickets en de ingang goed regelen

Een gratis kaartje voor de begeleider, een aangepast toilet dat ook echt open is en iemand die de sleutel heeft. Toegankelijkheid op je event zit vooral in de uitvoering. Zo regel je het, van ticketshop tot poort.

Lege stadspasjes achteraf vullen: zo zet je tegoed op een hele stapel tegelijk

Laat lege pasjes gratis drukken en zet er later zelf tegoed op: een reeks volgnummers uit een partij, of losse pasjes via hun pascode. De fee komt op je maandfactuur.